Warskôging foar wynhoazen op de Iselmar en de Waadsee
It KNMI hat koade giel ôfjûn fanwege min waar op de Iselmar en de Waadsee. Neffens it waarynstitút kinne dêr wynhoazen foarkomme. Ek by de Ofslútdyk binne meldingen binnen kaam fan wynhoazen. Yn de rin fan middei nimt de kâns op wynhoazen ôf.