Ferwiderbedriuw rommet kwik op yn Snitser boarterstún
In spesjaal bedriuw is yn Snits oankaam om it kwik yn de boarterstún oan de Kleasterstrjitte en Skoalstrjitte op te romjen. It kwik lei sichtber op de grûn op it pleintsje yn de boarterstún. Tongersdei hiene in oantal bern dêr boarte mei twa fleskes kwik. En omdat dat kwik út de fleskes rûn is, is de boarterstún ôfset. De oprommingstsjinst fûn de twa fleskes freed yn de boskjes by de boarterstún.
Omwenners krigen freedtemoarn betiid hûs-oan-hûs in brief fan de gemeente Súdwest-Fryslân mei in warskôging oer de gefaren fan kwik. Plysje en GGD lieten tongersdeitejûn ien wenhûs ûntromje, omdat in jonkje it kwik meinaam hie yn 'e hûs. It jonkje hie it kwik meinommen fan skoalle.

It bedriuw dat it kwik fuorthelje sil is dus al yn Snits, mar kin noch net dien wurk meitsje. It wachtsjen is noch op spesjale apparatuer om dat feilich dwaan te kinnen. Buertbewenners fine dat it al mei al wol lang duorret, foardat de boarterstún wer frijjûn wurdt.