Provinsje Fryslân krijt minder beswierskriften

It Provinsjehûs yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
It tal beswierskriften dat yntsjinne is tsjin provinsjale aktiviteiten is yn ien jier tiid ôfnaam fan goed twahûndert nei hast 160. Fan de 190 dossiers dy't yn 2016 ôfhannele binne, wie neffens de provinsje 13 persint grûndearre of in foar in part grûndearre. It jier derfoar wie dat 20 persint.

Goed 80 persint fan alle beswierskriften en klachten binne binnen de termyn ôfhannele. Ien en oar docht bliken út it jierferslach fan de provinsje oer 2016. Mear as de helte fan de beswierskriften waard noch foar de behanneling wer ynlutsen. Dat barde neidat der oerlis west hie tusken de provinsje en de beswiermakker.