Grutte Huisman-eksposysje al yn 2018 nei Warkum

21 jul 2017 - 10:39

De skilderijen fan Jopie Huisman, dy't no te sjen binne op it Noardfryske Waadeilân Feer (Föhr), komme begjin takom jier al nei Warkum. Direkteur Zwier Kroese fan it museum seit dat de Dútske eksposysje 'Hommage an das einfache Leben' earst pas yn 2019 nei Warkum komme soe. It Jopie Huismanmuseum hie nammentlik as plan yn 2018 in tentoanstelling te meitsjen mei de Britske keunstneresse Cornelia Parker. Sy hat de Warkumer fontein ûntworpen. Mar Parker hat it te drok omdat se yn Ingelân útroppen is ta 'design-architect of the year'.

Op Feer hinget in kolleksje fan 50 skilderijen en tekeningen, it besit fan in rike samler út Switserlân. It giet om in protte ûnbekend wurk dat de samler kocht hat fan partikulieren en op feilingen. It Jopie Huismanmuseum wol syn eigen kolleksje takom jier oanfolje mei dizze samling, én mei noch in protte oar wurk dat no yn it depot stiet. Yn 2018 ferwachtet it museum in protte ynternasjonaal publyk. Dan is it moai om in oersjoch te jaan fan it oeuvre fan de skilder. 

Trefwurden: 
Jopie Huisman
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)