Skate Court Grou krijt pear ton út Mienskipsfûns

De Stichting Play- en Skate Court Grou krijt 225.000 euro út it Mienskipsfûns fan de gemeente Ljouwert. Dêrmei is de komst fan it skate- en fuotbalpark in wichtige stap tichterby kaam, seit de stichting. Mei-inoar is 450.000 euro nedich. Dêrfan is no trijekwart binnen.

Ut in draachflakûndersyk kaam nei foaren dat goed 90 persint fan de jongeren tusken de 12 en 18 jier wol dat it multyfunksjonele sportpark der komt. Direkt omwenners binne minder entûsjast. Sy binne benaud foar oerlêst. De inisjatyfnimmers wolle mei de omwenners om tafel om goede ôfspraken te meitsjen.

Om it lêste jild byelkoar te krijen, sille se no earst subsydzjes oanfreegje by ferskate ynstellingen en ynstânsjes. Ek komt der in grutte ferlotting yn septimber. Op it Play- en Skate Court yn Grou komt romte foar ûnder oare inline skate, skeelerje, hockey, skateboarde en fuotbal.