Sherida Spitse soarget foar twadde oerwinning Oranjefroulju

Sherida Spitse fan Snits hat tongersdeitejûn de twadde groepswedstriid fan de Nederlânske fuotbalfroulju op it EK beslist. Tsjin Denemarken skoarde se yn de 20e minút út in strafskop de 1-0. Dat wie ek de iennichste goal yn de wedstriid.
De wedstriid waard spile yn stadion Het Kasteel yn Rotterdam. De Oranjefroulju ûntkamen yn de twadde helte oan de lykmakker, benammen troch de sterke keepster Sari van Veenendaal. Mei 6 punten út twa wedstriden stiet Oranje no boppe-oan yn groep A.