"Waadfarders hâlde harren goed oan de regels"

Boatsjeminsken op it Waad hâlde harren goed oan de regels yn it bysûndere natuergebiet. Skippers farre net te hurd en oer it algemien komme se net yn de ôfsluten gebieten.
Dochs is by natuerfersteuring yn it Waadgebiet yn sân op de tsien gefallen sprake fan minsklik hanneljen. Yn de gefallen dy't oerbliuwe, komt de fersteuring troch predatoaren lykas rôffûgels.
Waadfarders litte harren faak drûchfalle yn de buert fan skulpdierbanken en dêrtroch bliuwe de fûgels fuort. Troch by skippers better bekend te meitsjen wêr't dy banken binne, moat tenei foarkaam wurde dat boatsjeminsken te ticht yn de buert it anker útsmite.
Al dy gegevens komme út in grutskalich ûndersyk fan ferskate ûndersyksynstituten, wêrûnder it Sovon. It ûndersyk rjochtet him inkeld op gruttere skippen. Mei it folchsysteem AIS dat gruttere skippen ferplichte oan board hawwe moatte, kin sjoen wurde wêr't de skippen hinne farre en drûchfalle.