Bûtenpost krijt eigen doarpsapp

By de iepening fan de feestwike yn Bûtenpost hat de stichting WijLijn tongersdei in app foar it doarp lansearre. De app mei de namme Utpost is bedoeld foar alle ynwenners fan Bûtenpost en minsken dy't ynteressearre binne yn it doarp. De app biedt ynformaasje oer eveneminten en aktiviteiten yn it doarp, bringt it lêste nijs, fertelt oer de skiednis en biedt boppedat de mooglikheid om bygelyks inoars help te freegjen of ûnderling saken te ruiljen.
Doel fan de app is dat de leefberens en ûnderlinge bân yn it doarp fersterke wurdt. De ynformaasje yn de app komt fan sportferienings, kulturele klups, de gemeente en oare klups yn it doarp.