Basisskoallen Ferwert net ûnder ien dak

© ANP
Beide basisskoallen fan Ferwert komme foarearst net ûnder ien dak. De gemeente Ferwerderadiel hat dêr gjin jild foar. De húsfêsting fan de skoallen stiet al jierren op de aginda, omdat it skoalgebou fan de kristlike basisskoalle Op Streek oan grut ûnderhâld ta is. De gemeente hie graach wollen dat de iepenbiere en de kristlike skoalle ûnder ien bestjoer kaam wiene, mar nei lang praten is dúdlik wurden dat dit der net ynsit.
De skoallen hiene wol apart fan elkoar yn ien brede skoalle ûnderbocht wurde wollen, mar dêr is dus gjin jild foar. De gemeente hat dêrom besletten no jild út te lûken foar it grut ûnderhâld oan de kristlike skoalle.