Riksja's foar âlderen krije stipe fan Iepen Mienskipsfûns

It projekt 'Alle jierren fytse' fan it Fytsersbûn krijt subsydzje fan it Iepen Mienskipsfûns. It projekt hat ta doel om âlderein dy't sels net mear fytse kin in ritsje yn in riksja oan te bieden.
In riksja is in karke mei trije tsjillen, dat treaun wurdt troch in fytser. Minder-mobile minsken kinne op de twa sitplakken foar it stjoer sitte. It projekt rint sûnt augustus 2016 yn Ljouwert en omkriten. It Fytserbûn hopet mei de ritsjes dat der sosjale kontakten ûntstean en dat âlderen op plakken komme, dêr't se eartiids graach wêze mochten.
Foar it projekt krijt it Fytserbûn 35.000 euro fan it Iepen Mienskipfûns. Ek wurdt it projekt finansjeel stipe troch it Fytsersbûn sels. It totale projekt freget om in ynvestearring fan 110.000 euro.
Frijwilligers
It fytsbûn is no op syk nei mear frijwilligers dy't in riksja bestjoere wolle. "Wij zitten te springen om vrijwilligers. We zoeken fietsers en organisaties die zeggen 'dat is wat voor onze bewoners!', seit Albert van Dijk fan it fytsbûn. Frijwilligers kinne har opjaan fia fietsenallejaren.nl.