Bou nij skip Wagenborg offisjeel úteinset

De bou fan it nije skip fan Wagenborg is tongersdei offisjeel úteinset. De snelboat mei romte foar 48 persoanen is ien fan de oplossingen foar de ferfiersproblemen nei It Amelân. De fertragingen fan de gewoane fearboat yn ferbân mei ûnder oaren de ûndjippe fargeul binne al skoften in probleem.
Ien fan de advizen wie de oanskaf fan in rappe boat, benammen foar forinzen en eilânbewenners. Dat skip komt der no. Deputearre Johannes Kramer die de offisjele iepeningshanneling fan de bou. De saneamde kyllizzing, wêrby't de kyl fêstlaske wurdt oan de boat, barde by Dijkstra Metaalbewerking yn Harns. Dêr wurdt it kasko boud.
It skip wurdt hielendal troch Fryske bedriuwen makke. Yn Makkum sil it ôfboud wurde. As alles goed giet fart it skip begjin 2018.