Tjongerskâns offisjeel medysk partner fan SC Hearrenfean

Abe Lenstra Stadion © ANP
Sikehûs Tjongerskâns is offisjeel de medyske partner fan SC Hearrenfean wurden. Beide partijen ûndertekenen dêrfoar woansdei in oerienkomst. It sikehûs en de fuotbalklup wurkje al meardere jierren gear op it mêd fan medyske fersoarging fan de spilers. Op medysk gebiet wurdt dizze gearwurking fersterke. Sa sil de Tjongerskâns bygelyks de jierlikse keuring fan de spilersgroep dwaan.
Op dit stuit hat it sikehûs al inkele operaasjekeamers by it stadion fan SC Hearrenfean. Yn de takomst wol de Tjongerskâns de lokaasje by it Abe Lenstrastadion fierder útwreidzje mei röntgenapparatuur, fertelt Patrick Vink, direkteur fan de Tjongerskâns. Spilers kinne dan fuortendaliks gebrûk meitsje fan de ûndersykskeamers fan it sikehûs.