Trije ynbrekkers pakt yn Drachtsterkompenije
De plysje hat yn de nacht fan tiisdei op woansdei yn Drachtsterkompenije trije ynbrekkers oanhâlden. De manlju hiene ynbrutsen yn de sportkantine en naaiden út mei in jildkistke, snobbersguod en fleskes bier.
De plysje koe twa fertochten fuortendaliks oanhâlde. De tredde ynbrekker naaide út, mar koe mei help fan in plysjehûn dochs noch pakt wurde. It giet om in 17-jierrige jonge út de gemeente Smellingerlân, in 18-jierrige jonge út Emmeloard en in 18-jierrige jonge sûnder fêst wenplak.