Romme oerwinning foar SC Cambuur tsjin Koatstertille

In aksjefoto út de wedstriid © www.dijksfotografie.nl
Sportklup Cambuur hat tiisdeitejûn de oefenwedstriid tsjin it regioteam fan Koatstertille mei 8-1 wûn. Nei achttjin minuten makke Danny Bakker it earste doelpunt foar de Ljouwerters. Nei in goal fan Lilipaly gongen beide ploegen it skoft yn.
Dêrnei wie Cambuur folle better as de Tilsters. Doelpunten fan Robertha en twa kear Houtkoop soargen foar in marzje fan fiif. Berend Jan Prins makke noch wol de earetreffer foar it team fan Koatstertille, mar moast dêrnei wol tasjen hoe't Cambuur noch trije kear skoarde.