Fogelsangh State yn Feankleaster is no in echt museum

18 jul 2017 - 18:05

Bûtenpleats Fogelsangh State yn Feankleaster mei him tenei in folweardich museum neame. It bûten foldocht no oan de lanlike easken fan it museumregister.

Dêrfoar is in jier lang yntinsyf wurke oan de kolleksje, de klimaateasken en de luchtfochtichheid. Fogelsangh State is bliid mei de erkenning en grutsk op de belutsen meiwurkers. It museum driuwt op in lytse groep frijwilligers, wylst der hieltyd mear besikers komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)