Fiif jonge Fryske dammers sille nei Italië

17 jul 2017 - 22:21

Frysk damjen wurdt hieltyd populêrder oer de grinzen, it wurdt sels yn Italië spile. Fiif jonge Fryske dammers sille fan fan 23 oant 26 july nei Italië om it dêr op te nimmen tsjin in ploech mei fiif Italiaanske bern. It is in tsjinbesite; de dammers út Aosta ha ferline jier novimber al yn Ljouwert west. Se diene mei oan it kampioenskip FRYSK! foar basisskoalbern en wûnen doe fuortendaliks it toernoai. De spulfoarm FRYSK! is in foech einspul fan fiif tsjin fiif houtsjes dat spile wurdt binnen de regels fan it Frysk damjen. Dat stiet no ek wer op it programma, mar de Italiaanske fariant fan it damspul komt ek oan bod.

De Fryske ploech bestiet út Marten Algra, Nynke Brouwer, Marije Frankena, Willem Kroon en Jurgen Popma. Marten komt út Lollum, de oaren allegearre út Blauhús. De bern binne al in skoft drok oan it trenen ûnder lieding fan Jappie de Jong (Blauhús) en Liuwe Westra (Lollum).

Trefwurden: 
Frysk damjen Italië
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)