Fytsers moatte feiliger oerstekke op provinsjale dyk N369

17 jul 2017 - 22:10

Trije oerstekplakken yn de dyk N369 wurde feiliger makke foar (brom)fytsers. It giet om de oerstekken by it krúspunt mei de Reitsmastrjitte by De Harkema en by de Skieppedrifte en by de Ikkersreed, beide yn Droegeham.

Ek komt der in nije stille asfaltlaach fan de rotonde by It Jachtfjild (Blauhústerwei) ôf ûnder Boelensloane oant en mei de rotonde by Koatstertille. It wurk oan de dyk wurdt kombinearre mei ûnderhâld oan de brêge oer it Prinses Margrietkanaal by Koatstertille. 

It wurk begjint ein july en moat in moanne letter dien wêze. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)