"Slachboomhingers" melde har by ProRail: it spyt har bot
De jonges dy't by de spoarwei-oergong by Skillaard oan de slachbomen hongen en dêr in filmke fan pleatsten op ynternet, ha har moandei meld by ProRail. Se sizze dat it har bot spyt. Neffens in wurdfierder hat ien fan de jonges belle en syn gegevens jûn. It giet om twa jonges fan sechtjin en santjin jier dy't oan de slachbomen hongen en in jonge fan achttjin dy't it filme. ProRail docht oanjefte en ûndersiket oft it meganisme beskeadige is. Eventuele skea wurdt op de jonges ferhelle.
Ontoelaatbaar
Neffens de spoarbehearder binne se "geschrokken van alle aandacht die hun daad heeft gegenereerd op sociale media. De daders betuigen diepe spijt en zien in dat hun gedrag ontoelaatbaar is geweest.'' De fideo soe al oardel moanne lyn makke wêze en pas letter op ynternet set wêze. ProRail hat in soad reaksjes krigen. "Je kunt op sociale media zien dat mensen heel verontwaardigd zijn''. De wurdfierder wiist derop dat sokke gefaarlike stunts in oertrêding binne fan de Spoarwet.