Cambuurstadion komt der: gemeente stekt der 4,5 miljoen yn

De gemeente Ljouwert stekt definityf 4,5 miljoen euro yn de bou fan in nij Cambuurstadion by it WTC terrein yn de stêd. De gemeenteried hat moandeitejûn yn grutte mearderheid foar it útstel stimd. Dêrmei is de komst fan it nije stadion wis.
Overwinning
Cambuurdirekteur Gerald van den Belt wie út de skroeven mei it beslút: "Ik denk dat dit in alle opzichten een goede beslissing is. Het is een mooi signaal van de gemeenteraad naar de stad en naar de club. Hiermee hebben we de belangrijkste overwinning van het jaar al vroeg in het seizoen binnen."
Spannende jûn
Hoewol't it foar de measte minsken op de folle tribune in spannende jûn wie, foel dat foar wethâlder Henk Deinum wol wat ta: "Ik wist dat der in romme mearderheid wie foar de ûntwikkeling by it WTC. Der wie allinnich in lyts ferskil fan opfetting hoe't wy dat betelje moatte."
Belestingsinten
Ien fan de partijen dy't fragen hie by de finansiering wie de ChristenUnie: "Wy fine eins dat in kommersjeel bedriuw lykas Cambuur himsels rêde moat. Dêr hoege gjin belestingsinten by," sei fraksjefoarsitter Frits Rijpma. Dochs stimde syn partij foar it foarstel. "Wy moasten foar it hiele plan wêze of der tsjin. No, it plan is foar Ljouwert te wichtich om nee tsjin te sizzen. Mar ik ergerje my mateloas dat wy der sinten yn stekke moatte."