Rianne de Vries brekt ankel: "Dit is hiel soer"

17 jul 2017 - 20:13

Rianne de Vries (26) út Akkrum hat moandeitemoarn it ankel brutsen by in trening. De shorttrackster wie oan it riden op it simmeriis fan Thialf doe't se samar ûnderút gie. De reed skeat ynienen fuort en se koe in fal net mear keare. "Earst die it flink sear, mar dy pine luts frij gau fuort. Ik tocht dat it wol tafoel," seit de Europeesk kampioene op de 500 meter. Nei ûndersyk die bliken dat it ankel brutsen wie. It is noch net dúdlik oft se operearre wurde moat. Foarearst kin noch neat sein wurde oer hoelang't it duorret foardat it better is.

Olympyske Spelen

It is in flinke tsjinslach foar de reedrydster dy't yn trening is foar de Olympyske Spelen. Se is in belangrike skeakel yn it team foar de ôflossing. "Hiel soer dat dit no bart, mar ik ha in geweldich team om my hinne. Elkenien docht der fan alles oan om my sa gau mooglik wer op it iis te krijen. It sil minder maklik wurde as foar de rest, mar ik gean der fol foar. De Spelen binne gewoan noch yn sicht!" 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)