Waad krijt trije ton, mar moat dêr wol wat foar dwaan

Yn Den Haach wurdt dizze dagen besletten oer it oermeitsjen fan 300.000 euro foar it Waad. Dat is it jild dat heart by de útferkiezing fan it Waad as moaiste natoergebiet fan Nederlân yn oktober ferline jier. It jild wurdt net samar oermakke. Om ferbeane steatsstipe foar te kommen, moast der earst in subsydzjeoanfraach yntsjinne wurde. Dy oanfraach wurdt no besjoen. It measte jild giet nei inisjativen om bern yn 'e kunde komme te litten mei it Waad en duorsum toerisme.
Nasjonaal Park
Neist jild helpt it ministearje fan Ekonomyske Saken ek mei it meitsjen fan in nasjonaal park nije styl en it finen fan in nij, mear ynternasjonaal publyk foar it natoergebiet. Dêrmei kin de priis ek it begjin wurde fan it Waad as ien grut nasjonaal park, seit it Fryske haad fan Steatsboskbehear Jesler Kiestra. Mar wol sûnder dat soks gefolgen foar de besteande nasjonale parken hat.