Noardeast-Fryslân groeit oant 2025, dêrnei slacht krimp ta

De regio Noardeast-Fryslân groeit noch oant 2025. Yn de perioade dêrnei sil de krimp taslaan. Dat is de konklúzje yn de Woningmarktanalyse Noordoost-Fryslân. Dy analyze is útfierd troch buro KAW út Grins yn opdracht fan gemeenten, wenningkorporaasjes, hierdersorganisaasjes en de provinsje Fryslân. De regio stiet no al bekend as krimpgebiet, mar dat jildt foaral foar it gebiet boppe Dokkum. Yn de takomst sille ek de oare gemeenten yn de regio mear mei de krimp te meitsjen krije.
Leefberens
Gemeenten moatte dêrom de kommende jierren goed neitinke oer hoe't se fierder wolle mei it bouwen en slopen fan wenten. Neffens Daniël Depenbrock fan KAW is it net mear fan dizze tiid om as doarp yn in krimpregio domwei mear huzen te bouwen. Je kinne better sjen nei manieren om klear te wêzen foar de perioade nei 2025. Dat kin wêze troch fertutearze pannen just op te knappen, te sjen nei hokker foarsjennings yn it doarp bliuwe kinne of yn petear mei ynwenners te sjen wat it doarp nedich hat.
Holwert oan See
Ek wethâlder Roelof Bos fan Dantumadiel seit dat de krimp net tsjin te hâlden is. Neffens him is it wichtichste dat je de doarpen yn it krimpgebiet leefber hâlde moatte. Dêrfoar moatte de doarpen sels yn aksje komme. Hy neamt Holwert oan See as foarbyld fan hoe't in doarp sels de leefberens oerein hâlde kin.