Skoalle De Roerganger entûsjast oer sit- en steanburo's

Sawol de learlingen fan groep 4 as de dosinten fan kristlike basisskoalle De Roerganger op It Hearrenfean binne entûsjast oer de proef mei de sit- en steanburo's yn de skoalklasse. Goed 95 prosint fan de bern fynt de buro's nofliker wurkjen as it gewoane skoalbankje.
De Roerganger die mei oan in proef fan Sport Fryslân, foar sûnere lessen op skoallen. Lang sitte is min foar de sûnens, sa docht bliken út ûndersyk. Sport Fryslân wol mei de positive útkomsten fan dizze proef no ek oare skoallen stimulearje om faker steand les te jaan.