Paraffine fûn op strân fan Flylân

17 jul 2017 - 16:58

Op it Noardseestrân fan Flylân is it ôfrûne wykein paraffine oantroffen. It guod leit oer oardel kilometer op it strân tusken it terrein fan definsje en de strânoergong by de Fortwei. Paraffine sjocht derút as kearsfet. It is net skealik foar minsken of it miljeu, mar minsken en bisten kinne wol siik wurde as se it binnenkrije. De plysje warskôget hûnebesitters dat se der om tinke moatte dat de bisten gjin paraffine opite. It is wol skealik foar seefûgel en seesûchdieren om't se tinke dat it fretten is. Se kinne der yn stikke. 

Oprêde

Rykswettersteat begint tiisdei mei it oprêden fan de paraffine. Dat bart mei in saneamde 'beach cleaner'. Dy hellet it sân der út en rommet de boel op. Earder waard op Teksel al itselde guod fûn. Dat is lykwols yn sokke lytse brokjes ferspraat dat it net op te romjen falt. 

Paraffine wurdt faak brûkt om skipsrommen skjin te meitsjen. Mei in fleantúch is moandei noch socht nei de dieder, mar dy is net fûn, neffens in wurdfierder fan Rykswettersteat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)