Kafee yn Blauhús is nei ferbouwing wer iepen

Kafee De Freonskip yn Blauhús hat moandei iepen hûs. De offisjele iepening is dien troch âld-kommissaris Hans Wiegel. De eigeners fan it doarpskafee, Gerard en Gerda de Wolff hawwe de grutte seal fan it kafee folslein ferboud, modern ynrjochte en binne klear foar de takomst.
Gerard Reve
Yn de eardere sliterij fan it kafee is in tentoanstelling ynrjochte mei foto's oer de tiid dat skriuwer Gerard Reve yn buordoarp Greonterp mei syn freonen wenne en wurke yn de jierren sechtich. Hy skreau dêr ek it gedicht 'Graf te Blauwhuis' dat oer de omke fan Sicco Rypma giet dy't yn de Twadde Wrâldoarloch omkaam. De tentoanstelling is oant 1 oktober te sjen.