Drachtster krijt twa jier sel foar oerfal yn De Pein

17 jul 2017 - 16:05

De man út Drachten dy't ferline jier oktober mei syn twillingbroer in hûs yn De Pein oerfallen hat, moat twa jier de sel yn. Nei syn selstraf moat er fan de rjochter nei in klinyk om fan syn drugsferslaving ôf te kommen. Ek moat er him behannelje litte foar syn psychyske problemen.

De man hat njonken de oerfal yn De Pein noch mear misdriuwen op syn gewisse. Sa mishannele er mei syn broer de bestjoerder fan in bestelbus, bruts er ferskate kearen yn, stiel er oant twa kear ta in boat mei trailer en mishannele er de partner fan syn mem. Neffens saakkundigen hat de Drachtster persoanlike en psychyske problemen en is er fermindere tarekkenber. Syn broer waard twa moanne lyn ek feroardiele ta twa jier sel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)