Driigjende finansjele problemen by fuotbalfroulju H'fean

17 jul 2017 - 15:57

Der driigje op 'e nij finansjele problemen foar it frouljusfuotbalteam fan SC Hearrenfean. Haadsponsor Univé hat de bydrage ferlege. It bestjoer sit boppedat mei de ôfhanneling fan it kontrakt fan trainer Jan Schulting. Dy krige begjin dizze moanne dien. Reden foar syn ûntslach is de minne kommunikaasje tusken de trainer en de spylsters. Schulting hie noch in kontrakt dat trochrûn oant takom jier.

Foarsitter Wout de Jong en bestjoerslid Dennis Klaster binne tagelyk mei Schulting opstapt. Beide fûnen dat it ûntslach te folle finansjele risiko's mei him meibringt. Schulting's ûntslach kostet hoe dan ek jild en dat is der op it stuit net. Beide bestjoersleden hiene leaver sjoen dat der in tuskenpersoan oansteld wurde soe. Dy soe soargje moatte foar bettere kommunikaasje. In mearderheid binnen it bestjoer fûn dat lykwols gjin goede oplossing.

Froukje Hofland is no de nije foarsitter. Sy is drok dwaande de saak foar it begjin fan it nije seizoen wer op de rit te krijen. Se wol fierder gjin kommentaar jaan op de driigjende finansjele problemen. Assistint-trainer Anouk Bruil nimt de taken foarearst oer. Sy begjint dit jier by de KNVB oan de oplieding ta trainer-coach betelle fuotbal. Njonken har oplieding sil se kommend seizoen ek de nije haadtrainer assistearje.

De spylsters fan SC Hearrenfean ha oant 7 augustus frij. Dan begjinne sy oan harren tarieding op it nije seizoen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)