Unwissens oer baneferlies by ING yn Ljouwert

17 jul 2017 - 15:44

It is noch net dúdlik hoefolle ING-meiwurkers yn Ljouwert harren baan ferlieze sille. Moandei waard bekend makke dat de bank de kommende jierren 7000 banen skrasse sil. Mei de ûntslaggen wol it bedriuw 900 miljoen euro besparje. Neffens Harold Reusken fan de ING wurdt yn in letter stadium bekend makke wat dit foar it filiaal yn Ljouwert betsjut. 

Gjin goed ekskús
Neffens de ING binne der hieltyd minder meiwurkers nedich by de bank, omdat klanten harren banksaken faker fia ynternet regelje. Neffens Annika Heerekop fan fakbûn FNV is de digitalisearring gjin goed ekskús foar dizze ûntslachronde, omdat digitalisearring net in nij fenomeen is. Heerekop fernimt dat banken foarsichter hannelje nei de kredytkrisis. 'Banken binne yn harren skulp krûpt en dat moat net. Se moatte mear dwaan oan produktûntwikkeling om mear minsken oan it wurk te hâlden.'

Sifers ûntslachronde
Fan de 7000 banen dy't skrast wurde, falle 950 yn it ING-ûnderdiel 'Domestic Bank Nederland'. En dat is ek it ûnderdiel dêr't it kantoar yn Ljouwert ûnder falt. Der wurkje in lytse 11.000 minsken foar it ING-ûnderdiel 'Domestic Bank Nederland' ferspraat oer de grutte kantoaren yn Amsterdam en Ljouwert en 246 lytsere kantoaren. Hoefolle fan de 950 ûntslaggen yn it kantoar fan Ljouwert falle wurdt letter bekend makke. 

Neffens it FNV is de ferwachting dat de fokus fan de 950 ûntslaggen komt te lizzen op de haadkantoarfunksjes yn Amsterdam en Ljouwert. It swiertepunt sil nei alle gedachten yn Amsterdam lizze.

Trefwurden: 
ING Ljouwert fakbûn FNV
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)