De mem fan Bauke Mollema: "We zijn er nog beduusd van"

Bauke Mollema wûn snein syn earste etappe yn de Tour de France. Famylje fan de hurdfytser mei Fryske woartels folge de wedstriid fansels op de foet en libbe bot mei. De mem fan Bauke, Anko Bangma, wennet yn Dokkum en wie út de skroeven mei de etappewinst fan har soan.
In de rats
"Hij is er al zo lang en zo serieus mee bezig en dan hoop je dat 'ie een keer wint, zeker in de Tour. We zijn er nu nog beduusd van." Bauke syn âlden sieten foar de telefyzje te sjen. "Iedereen begint te appen. Zou hij het redden? Het waren een paar spannende laatste honderd meters. Aan het eind zaten we wel wat in de rats, als 'ie maar niet ingehaald zou worden. We liepen door de kamer, trillen en buikpijn. Het was verschrikkelijk. Toen hij over de streep was, heb ik wel even gehuild, zo mooi, zo geweldig."
Blij
Flak dêrnei stie in freon fan de famylje al mei sjampanje foar de doar en krigen se in soad reaksjes. "Het regende berichtjes, het was fantastisch, super." Se ha ek noch koart kontakt hân mei Bauke. "Hij belde zelf en was hartstikke blij."