Selstraf ûnder betingst foar stellen Mariabyldsjes

© Omrop Fryslân, René Koster
In frou út Balk hat fjouwer wike sel ûnder betingst mei in proeftiid fan trije jier krigen, omdat se twa Mariabyldsjes stellen hat út in kringloopwinkel op De Lemmer. It wie net foar it earst dat de frou wat stellen hie. Se siet flak foar de stellerij op De Lemmer noch yn in proeftiid.
De frou is yntusken ûnder behanneling fan in psychiater en krijt medisinen. Se koe de rjochter net útlizze wêrom't se de Mariabylden stellen hat. Neffens eigen sizzen hat se de bylden werombrocht, mar de eigneresse fan de bylden koe se net weromfine yn de winkel.