FrieslandCampina wurdt sponsor by it hurdfytsen

Logo FrieslandCampina
FrieslandCampina wurdt sponsor by it hurdfytsen. It suvelkonsern hat in sponsoroerienkomst foar trije jier sletten mei hurdfytsteam LottoNL-Jumbo, dêr't bygelyks Robert Gesink en Dylan Groenewegen by fytse. It merk Vifit Sport fan FrieslandCampina komt as sponsornamme op de klean fan de hurdfytsers te stean. En Vifit Sport sil de hurdfytsers ek foarsjen fan sportfieding.
FrieslandCampina sjocht de oerienkomst as it begjin fan in lange gearwurking. It bedriuw wol bouwe oan in topteam, dêr't talinten har ûntwikkelje kinne.