Tytsjerksteradiel krijt plom foar doarpe- en jeugdteams

17 jul 2017 - 14:00

Op it mêd fan de effisjinsje en effektiviteit fan doarpe- en jeugdteams, docht de gemeente Tytsjerksteradiel it prima. Dat seit RadarBureau, in ûndersyksburo foar sosjale fraachstikken. Yn Tytsjerksteradiel binne sûnt 2015 twa doarpeteams en in jeugdteam aktyf. Dy helpe minsken dy't bygelyks in scootmobyl of rolstoel nedich ha of ferlet ha fan jeugdhelp.

De gemeente Tytsjerksteradiel skoart dêrby better as fergelykbere gemeenten. Dat komt benammen trochdat de doarpen- en jeugdteams yn de gemeente hiel bot fanút de boargers tinke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)