Learlingen yn Burgum organisearje Simmermerk

Learlingen fan skoalmienskip Singelland yn Burgum hawwe moandei jild ophelle foar de Stichting Shorma. Dizze stichting set him yn foar better ûnderwiis yn Tanzania. De learlingen út Burgum organisearren in Simmermerk yn de Skoalstrjitte, dêr’t se selsmakke produkten ferkochten, muzyk makken en auto’s wasken. De merk duorre fan 10.00 oant 14.00 oere.