Lampen Grouster brêge fernield, tûzenen euro's skea

17 jul 2017 - 13:41

Unbekenden hawwe dit wykein foar minimaal 10.000 euro skea oanrjochte oan de Hôflânsbrêge yn Grou. Der binne seis lampekasten mei ljochten fernield. De brêge yn de J.W. de Visserwei kin no net mear automatysk iepen.

De gemeente Ljouwert hat fanwege de drokte op it wetter besletten de brêge de kommende wiken iepen te setten foar it skipfeartferkear. Fytsers en auto's kinne der dêrom net lâns en moatte omride. Op de nije lampekasten sit in levertiid fan seis wiken. 

Wethâlder Friso Douwstra fan de gemeente Ljouwert is net bliid mei de situaasje: "As je in stel 'onverlaten' hawwe dy't dit dogge, dan is dat in slim ûngemak foar de ferkearsbrûkers." Hy ropt de dieders op harren te melden. De gemeente hat oanjefte dien fan de fernielerij.

Trefwurden: 
skea fernielerij brêge Grou
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)