Skûtsjesilen tenei te folgjen yn 3D fia track & trace

17 jul 2017 - 15:01

Leafhawwers fan it SKS skûtsjesilen kinne dizze simmer harren favoryt oant op de meter sekuer folgje. Omrop Fryslân yntrodusearret dit jier in nij track & trace systeem. Mei dit systeem kinne minsken fia Omrop Fryslân presys folgje hokker skûtsje oan kop giet en hoe’t it klassemint derútsjocht. De track & trace bylden binne te sjen op telefyzje en yn de skûtsjelivestream op Omropfryslan.nl en de Omrop-app. 

De SKS hat it systeem sels ûntwikkelje litten. De technyk dy’t by dit systeem brûkt wurdt, is itselde as by de Olympyske Spelen en oare ynternasjonale sylwedstriden. Alles wurdt yn 3D bylden toand. "Troch gearwurking mei Omrop Fryslân kriget it skûtsjesilen no in ekstra diminsje", fertelt Hilda Boesjes fan de SKS. "Oan de foarkant binne wy in hiele tradisjonele sport mar oan de efterkant wurkje wy al jierren oan eigentiidske technyske ûntwikkelingen."  

Ek haadredakteur Klaas Geert Bakker fan Omrop Fryslân is wiis mei it nije systeem: “Track & trace is in prachtich ynstrumint om ús skûtsjeferslachjouwing noch better te meitsjen. De animaasjes sjogge der poerbêst út, dus it is ek moai om nei te sjen.” 

Sneon 5 augustus giet it SKS skûtsjesilen fan start. Alle wedstriden binne te folgjen by Omrop Fryslân. Nij dit jier is de skûtsjestream mei streekrjocht en yntegraal ferslach fan it skûtsjesilen. Dit is in live kanaal mei Frysk kommentaar by de skûtsjebylden, mar sûnder nijs en muzyk tuskentroch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)