Kezinefabryk Europrovyl ferdûbelet romte yn Ljouwert

Op bedriuweterrein De Hemrik yn Ljouwert wurdt op it stuit boud oan de grutste fabryk foar keunststof kezinen fan Nederlân. As alles neffens plan giet sil Europrovyl op dy lokaasje ein dit jier de doarren iepenje. Dat bedriuw sit no noch yn Stynsgea, mar hat dêr net genôch plak foar útwreiding.
Europrovyl hat mear romte nedich omdat de fraach nei keunststof kezinen tanimt. It nije fabryk wurdt mear as twa kear sa grut en krijt in produksjekapasiteit fan 1200 kezinen yn 'e wike.