Gjin Frysk en Nedersaksysk yn kultuerprogramma We the North

17 jul 2017 - 11:54

Yn de plannen fan it kultuerprogramma We the North ûntbrekt it Frysk en it Nedersaksysk, wêrûnder it Stellingwarfs. Dat konstatearret it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT). It hat in brief skreaun oan de organisaasje achter We the North, de trije noardlike provinsjes en de gemeenten Ljouwert, Grins, Assen en Emmen.

It EBLT is fernuvere dat it Frysk en it Nedersaksysk gjin omtinken krije en fynt it spitich en in miste kâns. Foar We the North wurdt ynset op mear gearwurking yn it Noarden en it lûken fan in breder pubyk. It EBLT wiist derop dat meartaligens de kearn is fan it dna fan Fryslân, Grinslân en Drinte. Meartaligens moat just omtinken krije yn de kulturele projekten, fynt it buro. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)