Meiwurkers fan de KwadrantGroep sille aksjefiere

17 jul 2017 - 11:47

Meiwurkers fan soarchynstelling de KwadrantGroep yn Drachten sille aksjefiere, omdat se fine dat de wurkdruk al hiel lang te heech is. Tiisdei sille meiwurkers mei bitterkoekjes en hûnderten hantekeningen nei de ried fan bestjoer. Neffens in bestjoerder fan fakbûn FNV Zorg & Welzijn rinne de meiwurkers op harren toskfleis en is it tiid dat der wat bart om de hege wurkdruk tsjin te gean.

Neffens it fakbûn moat der in oplossing fûn wurde kinne, omdat de KwadrantGroep in finansjeel sûne organisaasje is. It syktefersom is op dit stuit lykwols heech en neffens de meiwurkers binne der mear kollega's nedich om de problemen op te lossen. Sy hawwe dan mear tiid foar bewenners en kliïnten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)