Rederijgroep JR Shipping yn Harns wol float útwreidzje

© Omrop Fryslân
De Harnzer rederijgroep JR Shipping wol de float útwreidzje. Dêrfoar is 2,5 miljoen euro ophelle by in groep ynvestearders dêr't de reder faker saken mei dien hat. De skipssektor hat al sa'n tsien jier lang te krijen mei oerkapasiteit en lege prizen, mar dat liket no wer wat better te gean.
Yn 2016 foelen de aktiviteiten yn de offshore ek nochris ôf, omdat der lang net safolle wynmûneparken yn see delset binne as tocht. Dêrtroch wie der gjin ferlet fan de service-skippen dy't de reder dêrfoar ynset.
JR Shipping sjocht no hjir en dêr wer in stadich herstel fan de prizen. Sa no en dan komt der ris in kâns foarby om in skip tsjin in oantreklike priis te keapjen, mar dan moatte je der neffens de rederijgroep wol gau by wêze. Om dat dwaan te kinnen, is der no jild beskikber.