Welcome to the Village yn 2022 fossyl- en ôffalfrij

17 jul 2017 - 11:10

It Ljouwerter festival Welcome to the Village wol oer fiif jier folslein fossyl- en ôffalfrij wêze. Hjirfoar wurde by de fyfde edysje dy't dit wykein fan start giet, de earste stappen set. Troch in nij stroomplan binne der minder aggregaten nedich en de aggregaten dy't brûkt wurde, draaie foar hûndert persint op biobrânstof.

De catering foar artysten en crew op snein is fegetarysk, wêrtroch't der oardel miljoen liter wetter besparre wurdt. Op it festivalterrein wurde gjin fleskes wetter mear ferkocht. Vitens leit in tydlik wetternetwurk oan fan goed in kilometer lang, wêrtroch eltsenien fergees liedingwetter tappe kin. Dêrmei wurde neffens de organisaasje sa'n trijetûzen plestik fleskes besparre.

Welcome to The Village begjint no freed en duorret oant en mei snein. It festival wurdt foar de fyfde kear holden yn rekreaasjegebiet de Griene Stjer by Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)