"Sukses Oranjeliuwinnen soarget foar groei frouljusfuotbal"

De suksesfolle start fan it Nederlânsk frouljusalvetal op it EK fuotbal is in moaie opstekker foar it frouljusfuotbal. Dat fynt ynterim-haadtrainer Anouk Bruil fan it frouljusteam fan SC Hearrenfean. De Oranjeliuwinnen mei Sherida Spitse yn de basis en Foppe de Haan as assistint-trainer op de bank wûnen snein mei 1-0 fan Noarwegen.
Neffens Bruil groeit it frouljusfuotbal hieltyd mear. "Er zijn steeds meer meisjes en vrouwen die gaan voetballen en er is steeds meer aandacht voor vanuit de amateurclubs. Toen ik zelf op voetbal ging, kwam ik bij de jongens en dan zeiden ze 'wat doe je hier eigenlijk'. Dat is nu totaal niet meer zo. Nu ontvangen ze je met open armen", sa seit Bruil.