Van Bekkum set fol yn op marketing foar KH2018

Ald-boargemaster Tjeerd van Bekkum fan Smellingerlân begjint dizze moandei oan syn nije baan as direkteur fan Kulturele Haadstêd Ljouwert-Fryslân 2018. Hy krijt de taak om de organisaasje yn rêstich farwetter te krijen en om ek de finânsjes op oarder te hâlden.
Neffens Van Bekkum wurdt de grutste útdaging de noazen deselde kant op te krijen. Ek wol er beweging krije yn de mienskip. "Dat iedereen weet dat 2018, en daarna, een fantastisch jaar wordt", sa seit er entûsjast.
Om dat foarinoar te krije, sil der fol ynset wurde op de marketing. Yn gearwurking mei Merk Fryslân wurdt dêr no in team foar opboud. Van Bekkum fynt dat Fryslân him ek nei 2018 as kollektyf promoatsje bliuwe moat. "We hebben nu de kans om die bodem daarvoor heel goed neer te leggen en dat gaan we ook doen."