Sylteam NL mei Pieter-Jan Postma sechsde op WK katamaran

De wedstriid yn Marstrand, Sweden © Klaas Wiersma
De Fryske siler Pieter-Jan Postma is mei it Nederlânske sylteam sechsde wurden op it WK M32-katamarans yn Sweden Postma is de skipper. De earste dei wist it team him boppeyn it klassemint te silen. Letter wiene de prestaasjes wat minder, mar se wisten dochs yn de top 6 te bliuwen. De lêste dei koe der net fearn wurde omdat it waar te min wie.
Skipper Postma is tefreden mei it sechsde plak. "It wie ús earste WK yn dizze klasse, Wy komme út it neat wei en gean hiel hurd nei boppen ta." Hy sjocht wol ferbetterpunten. "By guon waarsomstannichheden gean wy hurder as yn oare omstannichheden. Der is noch genôch romte foar progresje."