Utslaande brân leit muzykgebou Berltsum yn de jiske

It repetysjegebou fan muzykferiening Opmaat yn Berltsum is sneontemiddei folslein ferlern troch in fûle brân. Yn it gebou stiene in soad ynstruminten en de kasten leine fol muzykstikken. Dy binne ferlern gien. Ek fan alle prizen, findels en in part fan de klean is net folle mear oer.
De brânwacht wie gau te plak en hat noch inkelde ynstruminten út it gebou rêde kinnen. Mar de brân waard al gau fûler en doe wie it dúdlik dat rêding in kânsleaze misje wie. De reek wie omfierrens te sjen. Der gie in NL Alert út foar Berltsum en omkriten om ruten en doarren ticht te hâlden.
Nei alle gedachten is it fjoer ûntstien mei in bûtenbrân. Dy is oerslein nei it gebou sels. Foarsitter Jaap Akkerman fan muzykferiening Opmaat is bot oandien troch it grutte ferlies. De feriening is in fúzje fan de Bazuin en Klimop. Alle skiednis fan de beide ferienings lei ek opslein yn it gebou.