Oefenwedstriid SC Hearrenfean-NEC einiget yn lykspul

SC Hearrenfean hat sneontemiddei mei 2-2 lykspile tsjin NEC út Nijmegen. De wedstriid waard spile yn Loenen.
Hearrenfean kaam gau op foarsprong troch in rappe goal fan Martin Ødegaard. Dêrnei kaam NEC op in 1-2 foarsprong troch goals fan Arnaut Groeneveld en Joey Sleegers. Dennis Johnsen makke úteinlik lyk. Oan it begjin fan de twadde helte waard NEC-spiler Frank Sturing mei in reade kaart fan it fjild stjoerd.
Foarôfgaand oan de wedstriid wie der in mienskiplike betsjûging fan stipe oan Ajaxspiler Nouri.