Trije op in rychje: auto's botse yn Ljouwert

14 jul 2017 - 21:29

By in botsing op de Drachtsterdyk yn Ljouwert is freedtejûn in frou ferwûne rekke. Krekt nei de rotonde mei de Tynjedyk botsten trije auto's achterop elkoar. De ferwûne frou siet yn de middelste auto, sy klage oer har nekke.

Yn de middelste en de achterste auto's sieten in soad jongeren. De brânwacht kaam ek, mar hoegde fierder neat te dwaan. De plysje hat de saak ôfhannele, oer de oarsaak fan de botsing is fierder neat bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)