Meiwurkers aaidoazefabryk Frjentsjer hawwe nije cao

© Omrop Fryslân, Onno Falkena
De meiwurkers fan aaidoazefabryk Huhtamaki út Frjentsjer hawwe in nije cao. Dy is neffens fakbûn FNV mei ta stân kommen troch de aktive hâlding fan it personiel. Dy drigen de ôfrûne wike de direksje mei aksjes om de easken krêft by te setten. De direksje kaam dêrop mei in better bod en dat hawwe de leden freed akseptearre.
De direksje woe earst allinnich de leanen ferheegje en de ferleging fan de pensjoenpreemje net kompensearje. Dêrmei soene de meiwurkers eins de eigen leansferheging betelje. It personiel krijt no 2,25 persint leansferheging en dêr sit dy kompensaasje dan by yn. De cao jildt foar sa'n 180 meiwurkers en is in jier jildich.