Ton Anbeek wurdt direkteur fan fytsefabrikant Accell Group

© ANP
Fytsefabryk Accel Group op It Hearrenfean krijt per 1 novimber Ton Anbeek as direkteur en foarsitter fan de ried fan bestjoer. Hy folget René Takens op, dy't yn april nei 18 jier ôfskied naam fan it bedriuw. Anbeek wurket no noch by Beter Bed, dêr is hy al sân jier direkteur. Hy wie ta oan in nije útdaging en dy hopet hy by Accel te finen.
De ried fan kommissarissen fan Accel is bliid mei de komst fan Anbeek. Dy sil ferantwurdlik wurde foar de ynfiering fan de nije strategy. De oandielhâlders beslute yn oktober oer de beneaming.