Skoallen Terherne en Terkaple wurkje gear

Terherne en Terkaple ha no mei-elkoar ien skoalle. Dy nije skoalle is freed offisjeel iepene, en de nije namme is Bloei. De kar om fan KBS It Twaspan yn Terkaple en OBS 't Kampke yn Terherne ien skoalle te meitsjen, hat alles te krijen mei de krimp. It bliuwt gjin papieren gearwurking; de bern op beide lokaasjes komme elkoar yn it nije skoaljier geregeld tsjin.
Boppedat is in nije wize fan lesjaan ûntwikkele dêr't de bern folle mear bûten it klaslokaal les krije, lykas yn in folkstún. Ek de talinten fan de âlden wurde brûkt.