Huzen oan Oerterpfallaat krije monumintale status

It strjitsje Oerterpfallaat oan de eastkant fan Drachten is in gemeentlik monumint wurden. Alle fiif huzen oan dit streekje hawwe no de monumintestatus. De histoaryske feriening Smelne's Erfskip hie it fersyk yntsjinne by de gemeente. De provinsjale wolstânskommisje Hûs en Hiem hat der posityf oer advisearre. De kommisje praat fan in "ensemble fan huzen dat yn it ferline nau ferbûn wie mei de feart fan Drachten nei Oerterp en de slûs".
De huzen binne út de 18e en 19e iuw, it giet om in slûswachtershûs, in keapmanshûs en in wente. Neffens Smelne's Erfskip is it hiel wichtich dat it Oerterpfallaat mei de lintbebouwing dizze monumintestatus krijt, omdat it - mei it Bûtenstfallaat oan de oare kant fan Drachten - in belangryk stik skiednis werjout.
Fan de fiif huzen yn de buorskip Oerterpfallaat hiene twa al in monumintale status. No hawwe ek de húsnûmers, 2, 4 en 5 dizze status krigen. It betsjut dat de huzen net samar oanpast en feroare wurde kinne, mar it betsjut ek dat de bewenners subsydzje krije kinne as se wat ferbouwe wolle.